Zwette night (meerdere jaren)

Droege sfearfolle Zwette Night Music
Skearnegoutum, Snein 26 Juny 2011
Noch nea waard er sa faak op Buienradar sjoen as juster yn Skearnegoutum. It soe fansels ferhipte sneu west ha foar de organisaasje fan de “Zwette Night Music” as de rein trochsette soe. En krekt doe’t nei in lêste repetysje mei de JES-band en Bacon and Bones it waarme sop en de farske broadsjes nei binnen wurke wienen, waard it droech. En dat bleau it de rest fan de jûn!

Troch: Carla van Hoorn-Bos

En wat in moaie jûn wie it. Oan ien stik troch koe it 400-koppige publyk genietsje fan ôfwikseljend de JES-Band, de Fanfare Excelsior en de seismansformaasje Bacon and Bones. Mei in ferskaat oan foaral modern repertoire wisten de ûngefear 50 muzikanten it publyk oan’ t it lêst ta te boeien.

It wie dit jier de fiifde kear dat der sa’n grut spektakel organisearre waard. En eltse kear liket it nifo heger te wurden. It korps presintearre bygelyks in grandioaze útfiering fan the Phantom of the Opera. Ek de kombinaasje fan korps en rockband wie in gouden greep. Mei de JES-band spile Bacon and Bones in sterke ferzje fan “Ik kan het niet alleen” en it grutte Excelsior makke in feest op it poadium mei nûmers fan ûnder oare Toto en Tina Turner. Dat lêste wer yn gearwurking mei Bacon and Bones.
n machtich moaie jûn wie it, mei in waaringeltsje op it skouder. Doe’t it publyk al lang en breed wer op hûs oan wie en de frijwilligers oan it opromjen sloegen kamen hiel súntsjes de drippen wer nei ûnderen. As hie it sa wêze moaten.

In bydrage fan: Jaring Rispens

Mooiste compliment wat wij als team mochten ontvangen kwam van Sneker ploegje van 3 koper blazers:
“we waren gisteren op de heamiel Bolsward, maar de combinatie band & fanfare klinkt hier erg lekker 😉 “

 

2014:

Categories : Verhuur